Toneel

Pier21

Geannuleerd: It wie op in simmerjûn

vr 29 september 20:15 - 22:35 Locatie: Tuottenzaal, Westersingel 28
geannuleerd!
€ 20,00
za 30 september 20:15 - 22:35 Locatie: Tuottenzaal, Westersingel 28
geannuleerd!
€ 20,00

Helaas is de voorstelling It wie op in simmerjûn teruggetrokken door de producent. Er wordt contact opgenomen met de kaarthouders.

Theo en Anneke ha elkoar fûn op lettere leeftyd. Theo helpt Anneke sa goed mooglik by it sykjen nei in knap plak yn in fersoargingstehûs foar har heit en mem, David en Wimmy. Dy binne sa âld dat sy der allang net mear op út kinne mei David syn grutte hobby, it draaioargel. Mar David en Wimmy wolle net ôfhinklik wurde en hawwe hiel oare plannen. Sy binne fan doel om tegearre út it libben te stappen, nei in lêste dûns op ‘It wie op in simmerjûn’.

‘It wie op in simmerjûn’ lit fjouwer minsken sjen dy’t plannen meitsje hoe’t it fierder mei it libben moat. Mar it libben giet somtiden syn eigen gong… Peter Tuinman en Joke Tjalsma spylje sawol it jonge as it âlde stel. Se stean foar it earst tegearre op it poadium yn dit nije stik fan Bouke Oldenhof. In stik yn in regy fan Jos Thie wêryn – krekt as yn ‘Feteranen’ – humor en tragyk op in moaie manier hân yn hân gean.