Toneel

Teater Snits

De Goede Dea

vr 24 november 20:15 - 22:35 Locatie: Tuottenzaal, Westersingel 28
bestel kaarten € 15,00
za 25 november 20:15 - 22:35 Locatie: Tuottenzaal, Westersingel 28
bestel kaarten € 15,00

Sa no en dan komst as teatermakker toanielstikken tsjin dy’t dy noch lang troch de holle spoekje. It stik wat teater Snits jim jûn foar it fuotljocht bringt liet my ek net gau wer los. It stie al in skoft op myn ferlanglistje, en hoe moai kin it wêze datst dan mei sa’n moaie groep minsken der úteinlik mei oan it wurk meist. In kadootsje.

De Goede Dea is de letterlike oersetting fan it wurd eutanasy út it Gryks (eu = goed en thanatos = dea) en is hjirmei it grutte tema fan it stik.
Ek al is it fyftjin jier lyn dat euthanasie hjir yn Nederlân by wet tastien is, it bliuwt noch altyd in yngewikkeld en nijsgjirrich ûnderwerp. Foar my, mar bynammen foar de famylje Keller.

De Goede Dea fertelt it ferhaal fan Bernhard Keller dy’t longkanker hat en terminaal is. Mei syn freon en húsdokter Robert binne der ôfspraken makke oer it beëinigjen fan syn libben. De tiid driuwt en Bernhard syn freondinne, Hannah hat tasein dat se de famylje op de hichte bringe sil. Dat docht se ek wol mar in broer fan Bernhard, Michael, bellet se net. Yn it ferline binne Michael en Hannah in stel west. Michael sit foar syn wurk yn Sina. Sammy, de dochter fan Bernhard út in earder houlik, bellet Michael en harren jongste broer Ruben, dy’t autistyk is, wol. Michael stiet ûnferwachts op de stoepe en fertrout de saak net. Wol Bernhard wol echt dea? Is er wol sa siik as at Hannah en Robert sizze? As is Hannah soms op de erfenis út?

Yn De goede dea freegje wy ús net ôf oft eutanasy no goed as ferkeard is, mar giet it oer de minsken dy’t achterbliuwe en der mei omgean moatte. Hoe kin in minske libje mei de wittenskip dat in neiste der moarn om deselde tiid net mear wêze sil? It kontrast tusken ‘witte’ en ‘ûnderfine’ is ûnfoarstelber en net te befetsjen. De holle, de geast kin it nei alle gedachten allegear wol oan mar de siel, ús siel is noch lang net safier. Lit teater hjir dan in poadium foar wêze. Want treast, herkenning en besinning is úteinlik it moaiste wat teater jaan kin.