nieuwsbrief

Meld je aan voor de nieuwsbrief en blijf op de hoogte van voorstellingen en aanbiedingen.

inschrijven >

THEATER SNEEK

Kerkgracht 9
8601 EC SNEEK

T   0515 - 430 580
E   info@theatersneek.nl

Klaasje Postma en Freark Smink
Jameimy - Try-Out

Frysktalich

JAMEIMY is it twadde toanielstik dat skreaun is troch Klaasje Postma.

Earder skreau se ROLLING HOME dat tige suksesfol wie en mear as 150 kear spile waard op har pleats yn Wurdum, op de pleats fan Ed Nijpels yn Diken by Langwar en op in toernee troch Kanada.

Klaasje Postma makket mei JAMEIMY in ferfolch op Rolling Home. Gie Rolling Home benammen oer har mem, dizze nije foarstelling komt nei it ferstjerren fan har mem hieltyd mear út by har sels. En hoe earlik bin je dan, as it oer je sels giet.
Hoe giet sy mei it ferstjerren fan har mem om en hokker plak nimt Klaasje yn, yn de wrâld fan har eigen bern (tritigers).
JAMEIMY giet oer de meganismen, libbenspatroanen en ferwachtingen, dy't der binne en fan alle tiden lykje.

JAMEIMY lit ek de syktocht sjen fan in akteursechtpear om hjiroer in stik ta stân te bringen.

JAMEIMY is in toanielstik dat spile wurdt troch twa spilers: Klaasje Postma en Freark Smink.
De regy is yn hannen fan Pieter Stellingwerf.

 

 

alle voorstellingen »
DI 03 APRIL
AANVANG: 20:15u
LOCATIE:
speeldata
Bekijk de andere speeldata
Delen met je netwerk
Delen op Facebook Delen op Twitter Delen op Hyves
foto's (6)