
Meld je aan voor de nieuwsbrief en blijf op de hoogte van voorstellingen en aanbiedingen.
inschrijven >Kerkgracht 9
8601 EC SNEEK
T 0515 - 430 580
E info@theatersneek.nl
Frysktalich
In famyljefoarstelling, fol spanning, aventoer en bysûndere personaazjes
It geheim fan 'e Kânselier is in spannend ferhaal oer in jonge dy't op syk is nei syn heit. En dy't ûnderweis fan alles en noch wat tsjinkomt... Foaral himsels. It geheim fan 'e Kânselier is in famyljeproduksje fol humor en muzyk en mei tema's dy't jong en âld oansprekke. Spesjale gast yn dizze reizgjende aventoerefoarstelling is Piter Wilkens.
Keimpe en syn bêste maat Skiep wenje yn in alderaardichst doarpke. Dat doarpke leit yn in alderaardichst lân, dêr't Kânselier Pondereus al jierrenlang leafdefol regearret oer jong en âld en elkenien. Teminsten, sa liket it...
Keimpe is syn heit kwyt. Mar gjinien dy't der wat fan ôf wit of witte wol.
As Keimpe lykwols beslút om syn heit te sykjen, stapt hy yn in grut aventoer. Syn syktocht is gefaarlik. Underweis komt er yn 'e kunde mei opstannich merkefolk; dêr hast bygelyks de baas fan de sjittinte en syn dochter... Bringe dizze nije freonen him no tichter by syn heit, of just net? Miskien moat er better lústerje nei Bline Arend, de sjongende cowboy foar wa't it ferline en de takomst gjin geheimen hat.
Bram de Goeij is by Tryater bekend fan syn regy fan de hilaryske jeugdfoarstellingen Stamppot Smyt en Tomke siket om 'e kluts. Peter Sijbenga is in bekende namme by Tryater. As tûzenpoat is hy belutsen by de tekst en de muzyk fan It geheim fan 'e Kânselier.
regy Bram de Goeij
skript Peter Sijbenga, Bram de Goeij
dramaturgy Tamara Schoppert
spul Jan Arendz, Arnold Dijkstra, Nynke Heeg,
Eelco Venema, Piter Wilkens e.o.
muzyk Piter Wilkens, Peter Sijbenga
dekôr en kostúms Johan Klijn, Annemarie Klijn